Jong SC Hearrenfean begjint mei ferlies yn kampioenspûl

08 des 2014 - 21:33

Jong SC Hearrenfean ferlear de earste wedstriid yn de kampioenspûl mei 2-1 fan Jong AZ. Szabolcs Varga hie de thúsploech op Sportpark Skoatterwâld yn it begjin op foarsprong sette moatten, mar twa kânsen wiene net oan him bestege. Jong AZ wie doe de mindere ploech. Yn de twadde helte wiene beide ploegen oaninoar weage. Jong AZ kaam troch Raymond Gyasi nei in goed oere op foarsprong, nei dom balferlies fan de Feansters. Pascal Huser makke fan alve meter de 1-1, nei goed wurk fan Michael Chacon. Hupperts soarge yn de 87e minút foar de AZ-winst.

Jong AZ spile ûnder oaren mei de Guus Hupperts, Steven Berghuis, Dirk Marcellis, Robert Mühren, Mikhal Rosheuvel en keeper Sergio Rochet. By Jong SC Hearrenfean diene Doke Schmidt, Morten Thorsby en Pelle van Amersfoort mei. Nammen fan spilers dy't by de beide ploegen geregeld yn it flaggeskip spylje.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)