Wittenskippers en skriuwers yn protest tsjin taalnoarm

08 des 2014 - 16:09

By wize fan protest hawwe 187 wittenskippers, skriuwers en oaren moandei in petysje mei 200 hantekeningen oanbean oan deputearre Jannewietske de Vries. Se binne benaud dat it Frysk skraler wurde sil as de provinsje beslút om de taal oan te passen. Ek sil neffens harren it gefoel by de taal ferdwine en wurdt it Frysk wurdboek allinne noch mar tinner.

Woansdei wurdt yn Provinsjale Steaten besletten oft de nije Fryske taalnoarm ynfierd wurdt. De provinsje wol de taal nij libben ynblaze en it foar mear minsken makliker meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)