Man rydt te hurd en mei drank op troch Hurdegaryp

08 des 2014 - 15:51

In 52-jierrige hurd- en drankrider út Damwâld is sneintejûn yn Hurdegaryp syn rydbewiis kwytrekke. De man ried mei hast 100 kilometer yn de oere oer de Ryksstrjitwei. Hjir jildt in maksimum snelheid fan 50 kilometer yn de oere.

Doe't de plysje him oan de kant sette, die al gau bliken dat de man mei drank op achter it stjoer siet.

Trefwurden: 
rydbewiis drank Hurdegaryp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)