Skoalstrjitte Burgum hiele dei ôfsletten troch wetterlek

08 des 2014 - 15:31

De Skoalstrjitte yn Burgum is sûnt moandeitemiddei ôfsletten yn ferbân mei in wetterlekkaazje. Leveransier Vitens is drok dwaande om it probleem te ferhelpen. Se ha in gat groeven en besykje it probleem op te lossen. It giet om in lek yn de haadwetterlieding foar de doar by de boekhannel.

De winkelstrjitte hat de hiele dei sûnder wetter sitten. Minsken dy't oan it wurk binne om it probleem te ferhelpen tinke dat se it jûn oplost ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)