Oernamekandidaten De Sionsberg foar 24 desimber melde

08 des 2014 - 14:56

Partijen dy't ynteresse hawwe yn in oername fan De Sionsberg yn Dokkum, hawwe oant 24 desimber de tiid om mei de kuratoaren fan Pasana oer plannen te praten. As der dan gjin geskikte kandidaat is, wurdt de soarch dy't De Sionsberg no noch biedt mooglik nei de krystdagen al ôfboud. Dat stelle de kuratoaren. Yn De Sionsberg rinne op it stuit allinnich de sprekoeren yn de polyklinyk troch. Foar de âldereinsoarch fan Pasana hawwe de kuratoaren mei soarchfersekerder De Friesland in langrinnend fangnetsysteem opsetten om de soarch te garandearjen.

Dat jout harren de tiid om in geskikte oernamekandidaat te sykjen. Soarchgroep Pasana waard twa wiken lyn fallyt ferklearre. Der wurkje 1600 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)