Ofspraken makke mei boeren oer skealike stoffen yn wetter

Om foar te kommen dat skealike stoffen fan boerehiemen ôf yn it oerflaktewetter komme, wurde der binende ôfspraken makke troch de belutsen partijen. It giet om LTO-Noord, de Agrarische Jongeren Fryslân, de ôfdieling Fryslân fan de Nederlandse Melkveehouders Vakbond en Wetterskip Fryslân. Fan boerehiemen kinne bygelyks dongstoffen en oare skealike stoffen yn it oerflaktewetter komme. Dat is min foar de wetterkwaliteit. Melkfeehâlders wurde neffens de ôfspraken stimuleard om harren hiem better yn te rjochtsjen.
It giet dan bygelyks om de opslach fan fretten en dong en de opfang fan ôffalwetter. De fersmoarging fan it oerflaktewetter moat sa yn fiif jier tiid flink werom brocht wurde.