75.000 euro foar kulturele projekten yn Fryslân

Medaljekast yn it keatsmuseum fan no © Henk Bootsma
It Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân jout oan 30 kulturele projekten yn de provinsje hast 75.000 euro. Sa krijt it keatsmuseum yn Frjentsjer 15.000 euro foar in tentoanstelling yn it nije museum. Nei de Stichting Frysk Fanfare Festival giet 6000 euro foar de organisaasje fan it Iepen Nederlânsk Fanfare Kampioenskip 2015. In grut part fan de dielnimmers komt út Fryslân.
De Stichting Toutenburg krijt 5000 euro foar de restauraasje fan de ynrjochting fan Villa Vijversburg yn Tytsjerk.
De filla út 1844 wurdt folslein restaurearre en foar in part iepensteld foar it publyk.