KNSB en reedrydcoaches prate woansdei oer EK allround

08 des 2014 - 11:48

De KNSB en de reedrydcoaches prate woansdei oer de situaasje dy't ûntstien is rûnom it EK allround takom jannewaris yn it Russyske Chelyabinsk. Oant dy tiid wol it bûn net op de situaasje reagearje. Dat seit KNSB wurdfierder Huub Snoep. It EK stiet ta diskusje fanwege de spanningen tusken it westen en Ruslân.

Reedrydoach Jan van Veen giet der net hinne en ferskate reedriders sa as Marrit Leenstra en Ireen Wüst twifelje oer harren dielname. Sven Kramer fynt dat de ynternasjonale reedrydorganisaasje ISU in beslút oer de problemen nimme moat.

In eventuele boykot kin grutte konsekwinsjes ha. Ek it WK shorttrack fan dit jier en it WK ôfstannen fan takom jier komme dan op 'e tocht te stean tinkt Snoep.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)