Man oanhâlden foar ynbraak yn wyksintrum Snits

08 des 2014 - 10:40

In man fan 28 út Snits is sneintenacht oanhâlden nei in melding fan ynbraak. In tsjûge hie sjoen dat de man oan it rommeljen wie by de foardoar fan it wyksintrum oan de Gonggrypstrjitte yn Snits. Dêrnei gie er nei binnen. Doe't de plysje oankaam soe de man krekt fuort fytse. Hy hie in pear lege flessen by him yn syn rêchsek.

De man is oanhâlden en sit fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Snits plysje ynbraak wyksintrum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)