Margot Boer fyfde op 500 meter yn Berlyn

© ANP
Margot Boer is snein as fyfde einige op de 500 meter mei in tiid fan 38.37 yn de wrâldbekerwedstriid yn Berlyn. Freed stie se noch op it poadium mei har tredde plak op de 500 meter. De winst wie opnij foar Sang-Hwa Lee. De Koreaanse wûn mei 37.96. Heather Richardson einige wer as twadde mei 38.07, it brûns wie foar Nao Kodaira fan Japan yn 38.11.
Thijsje Oenema stelde teloar. Har 38.98 wie goed foar it 17e plak. Anice Das einige yn 38.97 ien plakte foar Oenema.
By de manlju gong de winst foar de twadde kear nei de Poal Artur Was yn 35.04. De Noar Espen Aarnes Hvammen waard twadde yn 35.06 en de Kanadees Laurent Dubreuil tredde yn 35.09. Jan Smeekens wie op it sechsde plak de bêste Nederlanner. Syn tiid 35.13.