Wüst wint 1500 meter yn Berlyn, Leenstra wurdt tredde

Ireen Wüst hat snein de 1500 meter wûn by it wrâldbekerriden yn Berlyn. Har winnende tiid fan 1.55.89 wie twahûndertste rapper as Heather Richardson. Dêr wer twahûnderste achter kaam Marrit Leenstra fan Wikel. Yn it 1500 meter klassemint giet Ireen Wüst oan de lieding, foar Marrit Leenstra. Antoinette de Jong wûn de B-groep yn 2.00.58.
Ireen Wüst wûn freed ek al de 3000 meter yn Berlyn en mei Marrit Leenstra en Marije Joling wûn se de ploege-efterfolging.
De Poal Jan Szymanski wûn de 1500 meter by de manlju yn 1.46.80. De Noar Sverre Lunde Pedersen waard twadde yn 1.47.13 en Thomas Krol tredde yn 1.47.14.