Ljouwerter bedriget kondukteur mei de dea
Yn Ljouwert hat de plysje sneon in 21-jierrige Ljouwerter oanhâlden. Hy wurdt derfan fertocht in kondukteur mei de dea bedrige te hawwen. Op it stasjon is de man oerdroegen oan de plysje. De man is meinaam foar ferhoar en krijt in proses-ferbaal.