Kontrôle fan rappe riders op It Hearrenfean

07 des 2014 - 10:46

Op It Hearrenfean hat de plysje sneon op twa plakken metten hoe hurd oft automobilisten rieden. Op de Schans binne in lytse 200 bestjoerders kontrolearre, 45 dêrfan rieden rapper as de tastiene 50 kilometer yn de oere. Ek op de Mercurius waard kontrolearre. Fan de 700 passanten wienen 136 automobilisten te rap. Ek dêr is 50 kilometer yn de oere tastien. De rapste hie 81 op de teller te stean.

De kontrôles wienen dien nei oanlieding fan klachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)