Platanen Wurdumerdyk yn Ljouwert wurde snoeid

Rotonde Wurdumerdyk
Yn Ljouwert wurde moandeitejûn oan de Wurdumerdyk 15 platanen snoeid. Oanlieding foar de snoei is de melding fan in winkeleigener dat ien fan de platanen ynstabyl wêze soe. Alle platanen binne dêrnei ûndersocht en de konklúzje is dat de beammen der knap foarsteane, mar dat se wol flink snoeid wurde moatte.
De Stichting Lichtstad Leeuwarden wol op koarte termyn de ferljochting yn de beammen ferfange. As it snoeiwurk dêrnei dien wurdt, is der kâns dat de ferljochting stikken rekket.
It is de bedoeling dat de krystferljochting yn de beammen hingjen bliuwt. It snoeiwurk duorret moandei fan 19.00 oant 24.00 oere.