Aris kin it lang net oprêde yn Rotterdam

06 des 2014 - 23:32

De basketballers fan Aris ha sneontejûn in Rotterdam mei rom ferskil ferlern. De thúsploech wûn mei 110-85 fan de Ljouwerters. Aris koe oanfallend wol aardich meidwaan, mar hie it yn de ferdigening dreech. Healwei wie it gat net iens sa grut: 53-44 foar Rotterdam. Aris kaam noch werom oant 57-54, mar dêrnei rûn it ferskil hurd op. De sifers fan it lêste kwart sizze genôch: 29-18. Tjoe de Paula hie mei 22 punten de grutste Aris ynbring.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)