Earste winst LDODK yn kuorbal league

LDODK hat de earste oerwinning fan it seizoen yn de kuorbal league helle. DVO fan Bennekom waard yn sportsintrum Koartsweagen mei 15-14 ferslein. Dy einstân jout al oan dat beide ploegen it oanfallend dreech hiene. Der waard yn 'e ferdigening in protte druk jûn, mar it skot wie oan beide kanten net bêst. Healwei wie it 8-7 foar de thúsploech. Yn de twadde helte waard it 12-9 en like it klear te wêzen, mar LDODK kaam dochs wer op efterstân: 12-13. Mei in goal fan Erwin Zwart en twa fan broer André waard de winst foar de helsdoarren weihelle.
Yn de haadklasse ferlear SCO yn sporthal De Steense mei 24-21 fan Groen Geel.