Nederlân tsjin Sina, Kanada en Nij-Seelân op WK Kanada

Nederlân hat it net sa min troffen by de lotting foar it WK fuotbal foar froulju takom jier juny yn Kanada. It Nederlânske team mei ûnder oaren de Friezinnen Sherida Spitse en Loes Geurts nimt it yn groep A op tsjin gastlân Kanada, Sina en Nij-Seelân. De earste wedstryd is tsjin Nij-Seelân yn Edmonton. Kanada en Nij-Seelân wienen der fjouwer jier lyn yn Dútslân ek al by mar kamen doe net fierder as de groepsfaze. Sina kwalifisearre him doe net. Japan waard fjouwer jier lyn wrâldkampioen. Nederlân docht foar it earst oan in WK mei.