Marrit Leenstra twifelet oer dielname oan EK yn Ruslân

Marrit Leenstra © ANP
Reedrydster Marrit Leenstra twifelet noch oft se yn aksje komme sil op it EK allround yn Ruslân. Har coach Jan van Veen liet earder al witte dat er dêr net hinne wol, om't er it net iens is mei hoe't Ruslân him polityk opstelt.
Leenstra sels wit noch net oft se oan de start stean sil. Wol komt se yn aksje op it NK allround, dêr't tickets foar it EK te fertsjinjen binne.
Ireen Wüst joech snein oan dat se deroer neitinkt har Europeeske titel net te ferdigenjen, om't de kommende EK allround yn Ruslân is.