Follybalsters Snits winne fan Papendal

06 des 2014 - 16:44

De follybalfroulju fan Snits wûnen sneontemiddei mei 3-1 fan Papendal. Yn Arnhem ferlearen de Snitser froulju de earste set troch in soad flaters mei 28-26. Yn de twadde set kamen de froulju fan trainster Petra Groenland goed werom en wûnen se ienfâldich mei 25-10.

Ek de tredde set waard in proai foar de Snitsers. Mei in 25-16 oerwinning yn de fjirde set pakten de follybalsters de einoerwinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)