Buske fêst yn fiadukt by De Rottefalle

06 des 2014 - 14:28
Buske fêst yn fiadukt - Foto: Marc Stijger, Noordernieuws

Yn it fiadukt ûnder de N31 by De Rottefalle is sneontemoarn in bestelbus fêst komme te sitten. De bestjoerder hie de hichte ferkeard rûsd. De bus siet troch de klap goed fêst en moast der troch in berger út helle wurde. De bestjoerder kaam mei de skrik frij, de dak fan it buske rekke skansearre.

Trefwurden: 
De Rottefalle fiadukt
(advertinsje)
(advertinsje)