Feanfroulju ferlieze fan KAA Gent

Fuotbalfroulju SC Hearrenfean © www.vrouwenscheerenveen.nl
De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ferlearen freedtejûn mei 1-0 fan KAA Gent. Yn België kaam de ploech fan trainster Jessica Torny nei 22 minuten spyljen op efterstân. De froulju fan Gent profitearren optimaal fan in flater op it middenfjild en setten de iepeningstreffer op it boerd.
Dat blykte ek de iennige treffer fan de wedstriid te wurden. De Feanfroulju einige de wedstriid mei 10 man om't Carmen de Mare in kertier foar de ein in reade kaart krige.