Brân yn skuorre yn Sânhuzen

06 des 2014 - 12:20

Yn Sânhuzen hat sneon oan de ein fan de moarn brân west yn in skuorre. De brânwacht skaalde op nei middelbrân en rukte mei twa blusweinen út nei de brân. Dy hiene it fjoer gau ûnder kontrôle. Yn de skuorre stiene ferskate motoaren. Hoe grut oft de skea krekt is, falt noch net te sizzen.

Trefwurden: 
brân Sânhuzen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)