Multyfunksjonele akkommodaasje yn Holwert iepen

06 des 2014 - 12:16

De multyfunksjonele akkommodaasje yn Holwert is sneon offisjeel iepene troch boargemaster Waanders. Yn it gebou sitte in sporthal, kantine, klaaikeamers foar de sportfjilden, in jeugdhonk, pjutteboartersplak, berne-opfang, jongerewurk, in teater, in balletseal en romte foar ferienings.

Oan de fernijbou ha sa'n 200 frijwilligers meiholpen, der sitte mear as 25.000 frijwilligersoeren yn. Der is goed 2,5 jier boud oan de akkommodaasje. De gemeente Dongeradeel stelde goed 1,3 miljoen euro beskikber.

De akkommodaasje is te grut foar allinnich de 1600 bewenners fan Holwert, mar der wurdt ek rekkene op de bewenners fan doarpen yn de omkriten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)