Dupearren diselstellerij Ljouwert socht

06 des 2014 - 11:56

De plysje yn Ljouwert siket dupearren fan diselstellerij troch fjouwer Ljouwerters. De trije mannen fan 24 oant 38 jier en in 18-jierrige frou binne tongersdei oanhâlden yn in hûs oan de Boomgaardstrjitte. De mannen wiene moarns betiid mei jerrycans fol mei disel oan it slepen. Yn de tún fûn de plysje fjouwer grutte fetten mei stellen disel.

De plysje wol graach witte wêr't de disel wei komt en ropt dupearren op om oanjefte te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)