Snitser duo pakt mei stellen sparsegelboekjes

06 des 2014 - 11:24

Yn Snits hat de plysje twa manlju oanhâlden foar it helen fan guod dat by in ynbraak bút makke wie. Moandei waarden by in ynbraak oan de Troelstrakade yn Snits in tal sparsegelboekjes meinaam. De bewenner brocht de supermerk dêrfan op de hichte. Alerte winkelmeiwurkers bellen de plysje tongersdei doe't in man de boekjes, mei feroare persoansgegegens, ynleverje woe. It die bliken dat it om de stellen boekjes gie. De plysje hâlde de 46-jierrige Snitser oan. Neier ûndersyk late nei noch in oare man, in 49-jierrige Snitser dy't ek oanhâlden is.

Trefwurden: 
Snits plysje stellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)