Profesjonele himpkwekerij yn Skearnegoutum oprôle

06 des 2014 - 10:35

Yn Skearnegoutum hat de plysje oan de Mastenbroek in profesjonele himpkwekerij oprôle. De bewenners, in man en frou, binne oanhâlden. De kwekerij wie op de souder fan de wenning en waard folslein kompjûterstjoerd. De stroom waard yllegaal ôftape. Neffens de plysje hongen der ferskate himptoppen te droegjen en stiene der 35 saneamde moederplanten. Alles is yn beslach naam en ferneatige. De plysje hold de himpkwekerij al in skoft yn de gaten. Der wurdt noch ûndersocht oft der mear minsken by belutsen binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)