Fytsers yn fuotgongersgebiet bekeurd

06 des 2014 - 10:20
Foto: Omrop Fryslân

Yn Ljouwert hat de plysje freedtemiddei oan it Naauw kontrolearre op fytsers yn it fuotgongersgebiet. Dêr binne 9 fytsers by trappearre. Se krigen in bekeuring. De plysje kontrolearre nei klachten fan winkellju. De kommende tiid sille der faker kontrôles plakfine.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje
(advertinsje)
(advertinsje)