Drankrydster botst tsjin lantearnepeal

06 des 2014 - 10:00

In 47-jierrige drankrydster fan De Jouwer is freedtenacht op de Ter Huivra yn har wenplak tsjin in lantearnepeal botst. De plysje fûn de frou mei in bloednoas yn de auto. Se is yn it sikehûs behannele oan har ferwûnings. Dêrnei die út in blaastest bliken dat de frou tefolle drank op hie. Der is proses-ferbaal opmakke. De auto en de lantearnepeal rekken troch de klap swier skansearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)