Ludike aksje Feanfans by Euroborg-stadion

06 des 2014 - 07:28

Fans fan SC Hearrenfean hawwe freedtenacht it byld fan doelman Tonny van Leeuwen by it Grinzer Euroborgstadion yn blau-wyt skildere. Achter it byld fan de eardere keeper fan FC Grins hong in spandoek mei de tekst 'TvL voor altijd blauw en wit'. Van Leeuwen keepte earder foar GVAV, ien fan de klups dêr't FC Grins út ûntstie, en dy spilen yn blau-wyt. De ludike aksje wie yn de oanrin nei de wedstryd kommende snein fan FC Grins tsjin SC Hearrenfean. De supporters sizze dat der skea ûntstien is ûnder de aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)