Meiwurkers Pasana krije dit wykein dúdlikheid oer takomst

05 des 2014 - 21:51

Dit wykein komt der dúdlikheid foar de meiwurkers fan Pasana. Dat stiet yn in útlekte brief dy't de Omrop yn hannen krigen hat. De minsken krije te hearren oft se ûntslein wurde of dat se trochwurkje kinne by de BV Care. De brief wie bedoeld foar de liedingjaanden fan Pasana, mar is by fersin ek by meiwurkers telâne kommen. Meiwurkers dy't in formele ûntslachbrief krije, moatte noch wol in skoftke trochwurkje. Der jildt in opsistermyn fan 4 oant 6 wiken, behalve as de kurator bepaalt dat se frijsteld wurde fan wurksumheden.

Nije wike binne der ynformaasjebyienkomsten fan it UWV foar de belutsen meiwurkers.

Trefwurden: 
Pasana ûntslach BV Care
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)