Wüst pakt goud op 3 kilometer yn Berlyn

Ireen Wüst © ANP
Ireen Wüst fan It Hearrenfean hat freedtemiddei goud wûn op de 3 kilometer by de wrâldbeker yn Berlyn. Wüst hie 4.01.55 nedich. Dêrmei liet se Marije Joling en Martina Sábliková achter har. Sy dienen respektyflik 4.03.34 en 4.05.36 oer de 3000 meter. Yn de B-groep ried Carlijn Achtereekte de rapste tiid: 4.00.80. Carien Kleibeuker waard twadde yn 4.03.79.
Yn it algemien klassemint stiet Wüst no op it twadde plak, achter Sábliková. It ferskil is tritich punten: 200 om 230.
De earste omloop fan de 500 meter by de froulju waard wûn troch Sang-Hwa Lee yn 37.87. Margot Boer waard tredde yn 38.40. Thijsje Oenema einige mei 38.72 op it tsiende plak en Anice Das waard 16e yn in tiid fan 38.93.
De Poal Arthur Was wûn by de earste 500 meter by de manlju earste mei in tiid fan 35.01. Dat wie lang ûnwis, omdat Jan Smeekens oerride mocht. Hy slagge der lykwols net yn om syn earste tiid fan 35.50 te ferbetterjen en bleau dêrmei 14e.