Provinsje stiet net achter statement oer De Sionsberg

05 des 2014 - 15:58

De provinsje Fryslân ûnderskriuwt it statement fan gemeenten, ûndernimmers en pasjinteferienings yn Noardeast-Fryslân oer de takomst fan de soarch yn de regio net. Neffens deputearre Tineke Schokker wurdt yn it statement te bot yngien op de details en dêrfoar fynt sy it noch te betiid.

Sa wolle de opstellers ta op in proef mei in nije foarm fan soarch yn Noardeast-Fryslân. Dat soe yn it plak komme moatte foar it foarige wike fallyt ferklearre sikehûs De Sionsberg.

Neffens Schokker is it te betiid om al sa fier ynfolling te jaan oan de takomst fan de soarch. De kommende tiid moat earst besjoen wurde wat krekt nedich is en neffens har is dat benammen oan de professionals en net oan de polityk. Ek soarchfersekerder De Friesland wol him noch net fêstlizze op ien plan foar in nije soarchfoarm yn it Noardeast-Fryslân.

Wethâlder Sicco Boorsma is teloarsteld yn de opstelling fan de provinsje, mar giet striidber fierder mei it statement. De gemeenten hawwe it statement makke mei it each op it keamerdebat fan woansdei 10 desimber oer De Sionsberg en oare kwetsbere streeksikehuzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)