Aksjeliet 'Samen voor de Voedselbank' yn premjêre

05 des 2014 - 15:43

Yn it radioprogramma Noardewyn is freed it liet 'Genôch' yn premjêre gien. It liet is spesjaal skreaun en opnaam foar de aksje 'Samen voor de Voedselbank' fan Omrop Fryslân. De tekst is skreaun troch Wiebe Kaspers, Jan Tekstra en it omroppublyk. Iris Kroes en Jack Bottleneck ha it grutste part fan it liet ynsongen. Dêrneist wurken ferskate Fryske artysten mei oan it aksjeliet.

De aksje foar de Voedselbank giet nije wike echt los. Tusken 8 en 19 desimber kin elkenien produkten bringe by de omrop. Ek dogge 120 supermerken mei.

'Genôch' is ôfrûne tiisdei opnaam yn de studio fan Omrop Fryslân. Te hearren binne: Iris Kroes, Jack Bottleneck, Harm van der Meer, Tjeerd Abma, Syb, Minke Adema, Johannes Rypma, Marcel Smit, Mariusz de Boer, Wiebe Kaspers, Johannes Veenstra, Raynaud Ritsma, Janneke Brakels, Carin Seegers, Anno van der Werf & Reinout Douma.

Ek in koar fan omropmeiwurkers sjongt mei. De tekst is de ôfrûne wiken ta stân kaam mei help fan de harkers en sjoggers.

Lês hjir de tekst fan 'Genôch'

doe'tst lyts wiedest koest kieze
plysje, piloat
of wrâldferneamd filmstjêr
mei sinten by it soad

mar wat hast noch te kiezen
as it net giet lykas it soe
en mei skulden by it soad
sels it dreamen net mear woe

kom der by

genôch moat der wêze, foar dy en my
tegearre, mei inoar, de skamte foarby
in hert fan stien
wurdt in gouden ien
at we diele mei eltsenien
want genôch moat der wêze
foar dy en foar my

nei de voedselbank om iten wie myn ear te nei
mar it kaam op myn wei doe't ik dien kriich dy dei
bygelyks as de ferhalen fan pake en beppe
ite wat de pot skaft en net faker skeppe
ik socht de gegevens op achter myn kompjûter
gong dan út mei myn scooter, krij ik net in boete?
moatst lústerje, ik kin net iens in auto betelje
ik krij iten fan ‘e voedselbank, dus hjir falt neat te heljen
ik haw hjir net foar keazen, om te iten út doazen
dy't we froeger ynsammelen foar lannen yn it oasten
aanst moat ik myn hûs noch út, bêste plysje
dat spyt my, sei de man, ik meitsje wol in notysje

kom der by

genôch moat der wêze, foar dy en my
tegearre, mei inoar, de skamte foarby
in hert fan stien
wurdt in gouden ien
at we diele mei eltsenien
want genôch moat der wêze
foar dy en foar my

de skamte dy makket de drompels sa heech
foar sy dy’t wier net mear oars kinne
bring se omleech, kom yn beweech
wêr kin in mins oars noch hinne

genôch moat der wêze, foar dy en my
tegearre, mei inoar, de skamte foarby
in hert fan stien
wurdt in gouden ien
at we diele mei eltsenien

genôch moat der wêze, foar dy en my
tegearre, mei inoar, de skamte foarby
in hert fan stien
wurdt in gouden ien
at we diele mei eltsenien
want genôch moat der wêze
foar dy en foar my

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)