Provinsje krijt hantekeningen foar wynmûne-referindum

Tagelyk mei de steateferkiezings moat der ek in referindum oer de wynturbines plakfine. Dat wol in groep tsjinstanners fan de mûnen. Sy ha hantekeningen sammele om by de provinsje in fersyk foar it referindum te dwaan. Dy wurde moandei oanbean op it provinsjehûs. Neffens provinsje en it Ryk moat uterlik 31 desimber in beslút falle oer de wynmûnen,
Mar neffens Jan Ploeg, ien fan de inisjatyfnimmers fan it referindum, kin dêr bêst útstel foar frege wurde en moat de polityk harkje nei de stim fan it folk.
De oanfregers fan it referindum wolle graach dat it kombinearre wurdt mei de steateferkiezings, omdat it oars dreech wurde sil om it opkomstpersintaazje fan 40% te heljen.