Steatefraksje CU stelt fragen oer bêd, bad en bôle

04 des 2014 - 22:27

De steatefraksje fan de ChristenUnie hat skriftlike fragen steld oan deputearre Tineke Schokker oer it bêd-, bad- en bôlebelied yn Fryslân. De fraksje is fan miening dat nimmen yn Fryslân op strjitte libje mei en wol dêrom witte oft der genôch opfanghuzen yn de provinsje binne om kwetsbere boargers, lykas útprosedearre asylsikers, op te fangen.

Boppedat freget de ChristenUnie oft deputearre Schokker opfang regelje wol as dat nedich is. De steatefraksje tinkt dat de grutste groep dy't gjin dak boppe de holle hat yllegale flechtlingen binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)