Seleksjedei foar strânwachten Waadeilannen

© Omrop Fryslân
Takom snein wurde de bêste strânwachten socht dy't fan 't simmer de strannen fan de Waadeilannen yn de gaten hâlde moatte. De KNRM hat dan in seleksjedei yn Amsterdam.
De sollisitanten moatte ûnder oaren in swimtest ôlizze. Fierder moatte se in gearwurkingsopdracht útfiere en moatte se op in motivaasjepetear komme. De takomstige 'lifeguards' wurde yn april 2015 fierder oplaat. Fan 14 juny ôf binne de nije strânwachten op it strân fan de Waadeilannen te finen. Yn totaal binne der 75 strânwachten nedich foar tsien rêdingsposten.