Njoggen gadingmakkers foar fakatuere boargemaster Harns

04 des 2014 - 17:09

Op de fakatuere fan it boargemasterskip yn de gemeente Harns hawwe njoggen minsken sollisitearre. It binne allinnich manlike kandidaten. Fiif fan harren binne fyftigers. De sollisitanten binne lid fan CDA, D66, VVD en PvdA. Waarnimmend boargemaster Roel Sluiter is troch de gemeenterie fersocht ek te sollisitearjen. It is net bekend oft er dat ek dien hat.

Begjin 2012 kaam de post frij doe't boargemaster Paul Scheffer fan de VVD fuortgong. Roel Sluiter fan de Pvda is sûnt dy tiid waarnimmend boargemaster. Begjin 2015 wurdt bekend makke wa't de nije boargemaster fan Harns wurdt. Dy sil dan yn it foarjier fan it nije jier úteinsette.

Trefwurden: 
Harns boargemaster fakatuere
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)