Nije natoer by Earnewâld: de Saiterpolder

04 des 2014 - 16:47

By Earnewâld is tongersdei begûn mei de oanlis fan in nij natuergebiet: de Saiterpolder. It gebiet is allinnich oer wetter te berikken. De grûn wurdt de kommende wiken oanpast om de bysûndere natuer yn it gebiet te behâlden. Tongersdei is in begjin makke mei it opnij ynrjochtsjen fan de polder, dy't yn partikuliere hannen is.

De 34 bunder grûn is al fjouwer generaasjes yn hannen fan de famylje Brenninkmeijer. Dy hawwe der mei sin foar keazen om fan de grûn in natuergebiet te meitsjen. De provinsje is der bliid mei.

Yn de Saiterpolder komt ek de Noardske wrotmûs foar, in bedrige en seldsume mûzesoarte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)