Margot Boer komt út op wrâldbeker yn Berlyn

04 des 2014 - 16:29

Reedrydster Margot Boer fan Goaiïngaryp kin dit wykein dochs meidwaan oan de wrâldbekerwedstriden yn Berlyn. Boer hie ein novimber by de wrâldbekerwedstriden yn Seoul in blessuere oprûn oan har ljisk. Se hat doe noch wol riden, mar kaam net fierder as in 14de plak. By ûndersyk hat bliken dien dat Boer gjin skuor yn har ljisk hat.

Boer komt kommende freed en snein op de 500 meter oan de start yn Berlyn.

Trefwurden: 
reedriden Margot Boer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)