Vaatstra easket ton en kosten fan Jasper S.

04 des 2014 - 16:20

Bauke Vaatstra, de heit fan Marianne Vaatstra, hat tongersdei foar de Ljouwerter rjochtbank in ton oan skeafergoeding easke fan Jasper S., de moardner fan syn dochter Marianne. Vaatstra wol dat S. fierder ek rinte en ûnkosten betellet. Vaatstra is neffens syn advokaat bot traumatisearre troch it finen fan syn ombrochte dochter yn Feankleaster. Vaatstra hat foar syn gefoel 'libbenslang' krigen.

De advokaat fan S. liet op de sitting wite dat syn kliïnt wol betelje wol, mar dat dy it easke bedrach fan in ton te heech fynt.

S. wol ek net in ton betelje, omdat er njonken de claim fan Bauke Vaatstra ek noch rekken hâldt mei skeaclaims fan oare famyljeleden fan Marianne Vaatstra. De rjochter sil op 11 febrewaris 2015 útspraak dwaan yn dizze sivile saak. De rjochter hie de saak noch even skorst om de twa advokaten de gelegenheid te jaan om te oerlizzen, mar de twa partijen kamen der doe net út.

Jasper S. waard ferline jier troch de Ljouwerter rjochtbank feroardiele ta in selstraf fan 18 jier foar it ombringen fan Marianne Vaatstra,

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)