Twadde fertochte oerfal benzinepomp Drachten oppakt

© ANP XTRA
In 17-jierrige jonge út de gemeente Smellingerlân is troch de plysje oppakt as mooglike twadde dieder fan de oerfal op in benzinepomp yn Drachten. Hy waard oantroffen op de Aggemastate yn Ljouwert. Ofrûne moandeitejûn waard it benzinestasjon oan de Noarderdwersstrjitte yn Drachten oerfallen troch twa dieders. In meiwurkster waard doe mei in mes bedrige. De oerfallers namen jild en tabaksartikelen mei.
De plysje pakte moandei al in 16-jierrige jonge út de gemeente Smellingerlân op.