Trije fiskstreupers oanhâlden op De Holken

04 des 2014 - 12:01

De plysje hat woansdeitemoarn op De Holken by Kolderwâlde trije fiskstreupers oanhâlden. It giet om in Warkumer (20) en twa Snitsers fan 19 en 45 jier. Der is foar 600 meter oan netten en 200 kilo oan fisk yn beslach naam. Yn de netten dy't de mannen brûkten sieten ek einen. De einen en de fongen fisk hawwe it net oerlibbe. De plysje trapearre de mannen op 'e die. De auto mei de fisk waard oan de kant setten en de manlju oanhâlden.

De plysje hat ûndersyk dien yn de huzen fan de mannen en hat in fjoerwapen en kompjûterskiven yn beslach naam.

De plysje ûndersiket hoe lang de mannen al oan it streupen wiene en hoefolle jild se der mei fertsjinne ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)