Kollum hat wer in wykmerk

Nei in ofwêzichheid fan goed 13 jier hat Kollum wer in wykmerk. Op in pleintsje oan de Meester Andreastrjitte yn it sintrum fan it doarp kinne de keaplju tenei alle tongersdeitemoarnen harren guod oan de man bringe. De merk wie stikem wat wei wurden en de rin wie der yn 2001 dan ek folslein út.
Dochs doare in tal merkkeaplju it opfallend genôch no wer oan en hat de gemeente in nij plak foar de hannel fûn. Boargemaster Bearn Bilker is wiis mei it inisjatyf en weriepene de merk fan Kollum tongersdei as tydlik tsiiskeapman.