Fytsbrêge by Marsum ferwidere

De karakteristike rin- en fytsbrêge by Marsum is net mear. Tongersdeitemoarn betiid is de brêge troch in grutte kraan fuorthelle. Dit bart yn it ramt fan de oanlis fan de Heak om Ljouwert. Trochdat it trasee ferlein is, is de fytsbrêge oerstallich wurden.
It wurk oan de Heak sit yn de lêste faze. Oer trije wiken moatte de earste auto's oer de dyk tusken Marsum en de Werpsterhoeke ride. It is foar de boufakkers noch wol oanpoatsjen. Benammen by Ritsumasyl moat noch wol it ien en oar barre.