Reade tried: Ik sla de desimbermoanne it leafst oer

04 des 2014 - 10:03

Wille, waarmte. Wurden dy't faak ferbûn wurde mei de moanne desimber. Sinteklaas, de krystdagen, âld en nij. It binne de dagen dat je elkoar opsykje, dat je mei famylje om 'e tafel sitte, kadootsjes, lekker ite, neam mar op. Mar foar guon minsken is dizze moanne de meast ferskriklike perioade fan it jier. Omdat se ien misse moatte, omdat se gjin bern ha om gesellich Sinteklaas mei te fieren, omdat der gjin jild is foar kado's, der is stress omdat skoanmem op besite komt en der ek noch in seis-gongen-miel ferwachte wurdt. De bern binne drok en ferfelend en ja, dan binne je miskien wol hiel bliid as it wer jannewaris is.

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Reade tried
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)