Oargel Bonifatiustsjerke gemeentlik monumint

04 des 2014 - 06:18

It haadoargel fan de Sint Bonifatiustsjerke yn Ljouwert is beneamd ta gemeentlik monumint. It oargel waard yn 1899 boud troch de bekende Ljouwerter oargelbouwer Firma C.B. Anema en Soannen. Yn 1942 waard it oargel flink oanpast. De Titus Brandsma Parochy yn Ljouwert brûkt it oargel fan de Bonifatiustsjerke en hat plannen om it te renovearjen. Ek wol de parochy it oargel ferpleatse fan de koarsouder nei de noarder dwersbeuk.

De kosten foar dit plan wurde rûsd op sa'n 380.000 euro, dat ynsammele wurde moat mei aksjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)