It Amelân en Skylge treffe maatregels foar fûgels en fisken

It wurdt makliker foar jonge fûgels, dy't noch net fleane kinne, om fan de eilannen It Amelân en Skylge nei see en werom te krûpen. Se moatte no noch oer de grutte basaltblokken knoffelje, mar ynkoarten wurde der spesjale paden foar de fûgels oanlein.
Dêrneist wurde de polders op beide eilannen tagonklik makke foar stikelbears en iel. Dêrfoar wurde de buizen troch de diken brûkt, dy't it wetter fan de suveringsynstallaasjes nei de Waadsee ôffiere. Fia dit swiete wetter kin de fisk yn en út de polder nei see en werom swimme.
De operaasjes kostje mei elkoar sa'n 2,7 miljoen euro. Dit bedrach sil troch Wetterskip Fryslân, de Provinsje en it Waadfûns op tafel lein wurde. It wurk moat yn 2017 klear wêze.