Iepenbier Ministearje stipet DNA-beswier Doede de Jong

03 des 2014 - 19:20

It Iepenbier Ministearje stipet it beswier fan biologysk himpteler Doede de Jong om gjin DNA ôf te stean oan de nasjonale databank. De Jong makket beswier tsjin it feit dat er DNA-materiaal ôfstean moat, om't er syn strafbere feiten - it telen fan himp - iepen en bleat erkend hat. Hy siket sels de publisiteit fan de media yn syn striid foar regulearring fan himptylt yn Nederlân.

It Iepenbier Ministearje joech woansdei oan syn beswier te stypjen. De riedskeamer docht nije wike woansdei útspraak yn de saak.

Gewoanwei komt it DNA fan feroardielden automatysk yn de DNA-databank.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)