Van Gelder gjin listlûker by Partij voor de Dieren mear

Annemarie van Gelder lûkt har werom as listlûker foar de Partij voor de Dieren yn Fryslân. Dat makke de partij woansdei bekend. Van Gelder sjocht ôf fan it listlûkerskip no't har man Frank van Genne op 'e nij siik wurden is.
Rinie van der Zanden út Reitsum is troch de partij oanwiisd as nije listlûker. Van der Zanden is al jierren aktyf lid fan de Fryske ôfdieling fan de partij.