Soad minsken by protestmanifestaasje yn Dokkum

03 des 2014 - 15:14

By it protest yn Dokkum tsjin de sluting fan sikehûs De Sionsberg binne woansdei sa'n 500 minsken oanwêzich. Se hawwe spandoeken by har en der binne ferskate taspraken. De aksjefierders wolle dúdlik meitsje dat it sikehûs bliuwe moat. De hiele binnenstêd fan Dokkum is ôfsletten.

Oan it wurd komme ûnder oare ferskate aksjefierders, de medyske stêf fan De Sionsberg en ynwenners fan Noardeast-Fryslân. Sikehûs De Sionsberg is sûnt freed foar in grut part ticht, allinnich de poly draait noch.

Trefwurden: 
Dokkum protest De Sionsberg
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)